It glimke fan Boersma
Tusken 1890 en 1990 sit de tiid fan wethâlders as trouwe
tsjinners fan de mienskip, mei in part time beleanning fan in full time
portefeuille. Se hiene in fleksibele klok mei in folle aginda, en in
skerp each foar de sifers. Fan sokken hoegde men gjin belizzings fan
miljoenen by in Iislânske bank om in persint rinteferskil te
ferwachtsjen. It jild stiet ommers feiliger op ‘e Bank Nederlandse
Gemeenten.
De 57-jierrige Rein Boersma fan Skettens, wethâlder sûnt
1998, is sa’n ien. Mei syn fine gefoel foar humor kin er alles
relativearje, ek dingen en minsken dy’t er serieus nimt. Boersma
skatteret der ornaris net om, mar glimket. Dat glimke is suver syn
skaaimerk, krekt as syn ynhâlden reägearjen op stompen dy’t
alle tsjinners fan it iepenbier bestjoer gauris krije.
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie:
Paperback, slap kaft
79 pagina's
Oktober 2010
129 gram
205 x 139 x 7 mm
Uitgeverij PENN.nl